![]() | Fan 'e Lemmer oant Lauwersmar (1997)Hjir is er dan, de earste Samar-ks! Jierrenlang wie kabaret Samar aktyf op de toanielen yn Fryslân. Mei acht programmas en sa'n 900 optredens. In soad enthousiaste amateurs hawwe der yn de rin fan jierren oan meiwurke, wêrfan twa fan begjin oant ein: Titus Hettinga en Durk Nota. Mar yn al dy 28 jier is dizze kabaretploech noait takommen oan it echte studiowurk foar in plaat of ks. Dat gong oan nei it stopjen fan de kabaretoptredens. Mei mear muzikanten en wat minder kabaret, mei âlde en nije Samar nûmers, en alles meielkoar in orisjineel eigen lûd mei moaie Fryske teksten.
|